|
wy binne nijWy binne de Fryske fergelikingsside foar minsken dy’t harren fersekeringen online regelje wolle. Wy wolle dat jo goed dutsen binne tsjin in skerpe preemje. Fierders kinne jo op dizze side sjen wat der te rêden is yn Fryslân en binne hjir ek Fryske spultsjes ensafuorthinne. Klik mar ris wat om jo hinne. iepening troch Deputearre De Vries
Op 8 maart waard dizze side iepene troch Deputearre De Vries op it Provînsjehûs yn Ljouwert. harkje hjir nei de iepening
|
|
Fryske agindaYn ús Fryske aginda sjogge jo wat der op it stuit yn Fryslân te rêden is: muzyk, sport, kuiertochten, eksposysjes. aginda.dutsen.nl: fan Trekker Trek oant Fryske tsjinsten. |
Fryske spultsjesOp spultsjes.dutsen.nl spylje jo Frysk galchje, tenei ûnder de namme: Tin iis. En oars bealgje jo mar ta mei in spultsje hea-tris. En foar wa’t doart: in spultsje bûter, brea & griene tsiis tsjin Grutte Pier… En fan belies jaan wolle wy neat hearre! |
mear FryskEfkes Frysk tegelsette en dernei wat poerbêste Fryske links besjen. Mar as jo leaver in Fryske e-card ferstjoere oan jo nicht om utens, dan kin dat fansels ek. Gewoan op mear.dutsen.nl. |
de mannen efter dutsenmear lêze oer dutsen.nl |
Fryske agindaOp it stuit binne wy dwaande om foar jo de dutsen.aginda te foljen mei allerhanne nijsgjirrige ferdivedaasje. Mar… wy witte noch net alles! Wy sykje: Trekker Treks, rommelmerken, fierljepwedstriden, Fryske tsjinsten, lêzingen, eksposysjes yn jo doarpshûs, iepenloftspullen, skoalmusicals, it konsert fan jo korps, doarpsfeesten, ensafuorthinne.Tips binne tige wolkom, dus stjoer ús jo tips en wy sette se yn ús aginda! |
|











